2001
It Burdmantsje: de reidpapegaai fan ’e Iselmarkust
Publication
Publication
Twirre , Volume 12 - Issue 5 p. 178- 179
It Burdmantsje is in tipyske fûgel fan it reidlân. It lûd is tike tipysk: ‘tsjing’ of ‘ping’ en dat is simmers en winters te hearren. De oersetting fan de Latynske namme is ‘dûbel optuge sturtfûget’ en op himsels is dat net in ûnaardige namme. Neist de namme Burdmantsje hat dizze fûgel noch mear ûnoffisiële nammen: ‘Reidmieske’, ‘Reidpapegaai’ (hy makket akrobatyske meneuvels yn it reid en hy liket op in papegaai; boppedat hy is fiere femyije fan de Papegaaisnaffeltlmali’s) en ek ‘Dekfûgeltsje’. As it winter is beskermet it mantsje it wyfke soms mei de wjukken en miskien hat er dêrtroch dy namme krigen. It Burdmantsje komt as briedfügel foaral foar yn de natuergebieden by de Iselmarkust lêns: fan Makkumer Noardwaard oant Mirnser Klif. Yn it Lauwersmar is er tige algemien en ferspraat troch Fryslan komme ek spantsjes ta brieden lyk as yn it marregebied yn 'e Südwesthoeke en de greate sompegebieden yn it Lege Midden. De oantalsüntwikkeling fan it tal briedspantsjes op 'e Iselmarkust is werjoun yn figuer 1.
| Additional Metadata | |
|---|---|
| Twirre | |
| CC BY 3.0 NL ("Naamsvermelding") | |
| Organisation | Fryske Feriening foar Fjildbiology |
|
Ep van Hijum. (2001). It Burdmantsje: de reidpapegaai fan ’e Iselmarkust. Twirre, 12(5), 178–179. |
|