It driget wer aardich út ’e klauwen te tinnen mei de saak rûnom it wet befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal tusken De Feanhoop en Nij Beets. Oan de iene kant de gemeente, ûndernimmers en guon bewenners fan de doarpen. Oan de oare kant de Fryske Feriening fan Fjildbiology (FFF), guon oare bewenners en de Fryske Milieufe deraasje. Oant safer neat oan ’e hân. In goeie saak dat der foor- en tsjinstanners binne by nije plannen. Op dizze wize wurd eltsenien skerp hâlden en kin faaks in goeie ôfwaging makke wurde op grûn fan foor- en neidielen fan de plannen. N\ar wat as de perioade fan diskusje en oerlis net goed genôch brûkt wurd? Tsja, dan is der altyd noch de Rie fan Steate dy har ljocht hjiroer skine litte mei. Bk dêr is neat mis mei en bard ek faker dan ien kear. It wurd wat oars as der ûnder politieke druk fan ‘deadlines’ fan Europeeske subsydzjeregels al mei de útfiering begûn wurd wylst de lêste wurden noch net sprutsen binne. Dizze situaasje hawwe wy by it Polderhoofdkanaal. It wurk wie al dwaande. De earste skeaclaims fan ûndernimmers binne al útsprutsen. De FFF en bewenners krigen úteinlik dochs gelyk by de Ljouwter rjochtbank en it wurk waard stillein. In protestaksje yn Nij Beets folge en de FFF kriget it stimpel fan milieu-ekstremisten. En begryplik wurd dizze situaasje fansels breed en net altiden sekuer útmjitten yn de Fryske media, mar kriget neffens my mear omtinken dan it heal ôfboude âldereinhûs yn St. Anne. Foar saken dy’t net trochgeane as gefolch fan natoer- en milieurigels is om de ien as oare reden mear media-omtinken dan foar saken dy’t stillein wurde as gefolch fan oare rigeljouwing.