Koartlyn ferskynde der in aardich boekje fan sa’n tritich siden, mei de titel “Hoe’t ginten en boebies elkoar üntdûke”. Skriuwer Jaap de Jong neamt it in ferslach. It giet oer de tsien soarten ginten (Jan van Genten) dy’t ferspraat oer de wrâld foarkomme. Bûten de tropen trije soarten (ginten) en yn de tropen sân soarten (boebies). De Jong hat op see fearn, op in fiskersboat en ik tink de measte fan dizze soarten mei eigen eagen sjoen. It grutste part fan it boekje beslaat alderlei ynformaasje oer de ginten en boebies. Dit is sammele út de literatuer oer dizze fûgels. Spitigernôch mar in pear siden oer syn eigen ûnderfining mei dizze bisten. Ut syn eigen oantekens blykt û.o. dat de fiskerij ek slachtoffers makket ûnder de seefûgels, dêr wurdt fierder net djipper op yngong. Oerbefisking mar ek troch de fiskerij sels, tink oan longline fishing ha in geweldich negatyf effekt op de oantallen seefügels. De foto’s yn it ferslach binne fan ynternet helle op ien nei. Dat is de foto fan in brune gint op dek fan in skip. Yn it neiwurd hat De Jong it oer in gint dy’t yn de netten fertize rekke is, troch him in klap mei de hammer op de kop te jaan kin er it bist opsette litte. Letter is dizze fûgel stellen út syn keamer, dit ferslach is dan ek in oantinken oan dat harren mei dy fûgel. De Fryske nammen dy’t brûkt binne, bin oerset út it Hollânsk. Der is noch net in offisjele list mei Fryske nammen fan de fûgels fan de wrâld.